Tsjerkeried…..
Tsjerkeried…
It is somtiden gewoan in lytse gespreksgroep. Wat ha wy soms moaie petearen binnen de tsjerkeriedsfergadering. En fansels giet it der ek om oer hoe’t wy mei syn allen tsjerke binne of wêze wolle. En fansels nimt it tiid. Mar toch, gemeente wêze dogge je mei syn allen.
De fakatuerekommisje is drok dwaande om minsken de finen foar de fakatueres, mar is spitigernôch noch net klear. Meie wy in berop dwaan op jim? Wy sykje noch in jeugdâlderling en in wykâlderling. En nee, gjinien docht it allinnich, de jeugdâldering hat minsken om him/har hinne yn it jeugdwurk.; De wykâklderling hat in koordinator en wykassistenten om him/har hinne. Fiele jim jim roppen? Of eins foaral ek, fiele jim jim droegen, om mei rjochting te jaan oan us tsjerke?
Wisten jim, dat ek doopleden frege wurde kinne foar de tsjerkeried? It is wol sa, dat op it moment dat in dooplid yn de tsjerkeried komt, hy of sy in fraach kriget dy’t gelyk stiet oan belidenis dwaan. Dus, in dringende oprop, mar ek in utnoeging, om, as jim frege wurde, de fraach posityf te besjen. Mar ek de oprop om jim te melden as jim wol yn de tsjerkeried wolle soenen of as jim mear witte wolle.
Belje, mail of app gerust!
Groet,
Gerrie
06 23 20 11 77 / voorzitter@pknbroeksterwald.nl
Mei ut namme fan: Albertine, Wilma, Marten&Tiny, Henk, Eelke, Coba, Reina, Tineke, Klaas&Trieny, Tjitske, Anne, Anne en Liesbeth