Lykas Petrus
Jezus sei tsjin Syn disipels: “Far jûn oer it wetter
en gean mar nei de oare kant!”
Sels soe Hy wat letter komme want Hy woe earst bidde.
Dy deis hie Hy it hiel drok hân.
It begûn al gau te stoarmjen, golven waarden heger.
De Master Sels wie dy der mar.
Wat foar wyts rûn dêr oer’t wetter? ’t Wie gjin spoek “’ t wie Jezus!
De Heare wie no wer by har.
Petrus soe by Jezus komme, stapte oer de râne,
Kuiere rêstich op Him ta.
Petrus rûn noe oer it wetter, wie earst fol fertrouwen.
Mar moast dy wyn no krekt Him ha?
Refrein
Heare help my ik fersûp, ik kom hjir om yn’t wetter, helje my hjir út!!! …..
Jezus pakte Petrus by de hân.
Sei: “Dû hast te min fertrouwen,
wat bistû ûnwis.
Hast temin fertrouwen bist net wis!”
Soms fiel ik my lykas Petrus, ‘k rin dan oer de golven.
De stoarmwyn komt fûl op my ôf.
‘k Sakje samar wei mei Petrus yn dat djippe wetter.
Mei Petrus rop ik Jezus oan:
“Heare help my ik fersûp, ik kom hjir om yn’t wetter!
Helje my hjir út!!! ……….. Pak my lykas Petrus by de hân!”

