Hanna en Alys yn aksje foar World Servants | De Beppe Gerrie Nijjiersdûk 2026

HANNA EN ALYS SETTE BEPPE GERRIE NIJJIERSDÛK YN FOAR WORLD SERVANTS

TL;DR Hanna Postema en Alys de Vries út Broeksterwâld gean takom jier beide mei World Servants nei projekten yn Oeganda en Rwanda. Dêrfoar moat hja, ûnder oare troch persoanlike aksjes, jild by inoar sammelje. De Beppe Gerrie nijjiersdûk 2026 is dêr ien fan.
Omdat net ien dy’t by syn folle ferstân is samar yn it stienkâlde wetter springt freegje sy jimme om in motivatiedonatie. Help dizze froulju en krij in waarm gefoel fan in kâlde dûk!

De langere ferzje:

BROEKSTER FROULJE SETTEN HARREN YN FOAR IT GOEDE DOEL

Hanna Postema (18) út Broeksterwâld slút oan by in World Servants groep wêrfan de dielnimmers út hiel Nederlân weikomme. Sy giet mei harren nei in projekt yn Oeganda. Dêr gean se nije klasselokalen foar in kleuterskoalle bouwen.

Alys de Vries (16), ek fan de Broek, giet mei de World Servants groep út Broeksterwâld en omkriten nei Gikoma yn Rwanda om dêr in kleuterskoalle te bouwen.

Beide projekten binne om te soargjen dat bern út dy doarpen mear kânsen yn harren libben krije. Lêze, skriuwe en rekkenjen binne by ús hiel fanselssprekkend en wy stean der faaks net by stil hoefolle ynfloed dat yn ús libben hat. It binne belangrike dingen om mei draaie te kinnen yn de maatskippij en om foarút te kommen yn it libben. Dizze twa froulju sette harren hjir belangeleas foar yn en dogge tagelyk in erfaring foar it libben op.

De projekten wurde betelle troch de bydrage fan de dielnimmers. Hanna en Alys moat yn totaal € 7.861,- by inoar sjen te krijen om hun projekten mooglik te meitsjen. Foar Alys komt in diel fan har bedrach út aksjes sa as ‘het glazen huis’ krekt foar de Krystdagen, mar der bliuwt noch in stevich bedrach oer dat de froulju self byelkoar sparje moatte. De Beppe Gerrie Nijjiersdûk 2026 is ien fan dy persoanlike aksjes!

IT UNTSTEAN FAN DE BEPPE GERRIE NIJJIERSDUK

Op 1 jannewaris 2026, stipt om 15.00 oere is der yn it Spoarpark yn Feanwâlden foar de 5e kear de Beppe Gerrie Nijjiersdûk. Dizze dûk is neamt nei ús mem, Gerrie Visser (Gerrie fan de mûne). Om der efter te kommen hoe dit ûntstien is moat we jierren wer werom. Jierren lyn die ik (Oege) mei oan de nijjiersdûk fan Âldtsjerk. Dit foaral om yndruk te meitsjen op’e bern, fierders binne myn kapasiteiten wat beperkt dat je moat wat…. Eén is geen, dus de jierren dêrop wie it wer raak op nijjiersdei en gie ik mei sûne tsjinsin it kâlde wetter yn! Yn 2021 wiene der troch corona hast gjin nijjiersdûken en wie ús heit slim siik, syn wrâld waard hieltiid lytser. Tradysjes binne pas tradysjes at se net ûnderbrutsen wurde, dat it beslút waard naam om by de mûne de nijjiersdûk te hâlden. Foar hûs yn de bûtenfeart, sadat heit it goed sjen en folgje koe. Jan fan Jelle en Jellie wie dy kear ek paraat en de nijjiersdûk brocht in glimk op it gesicht fan ús heit. Nei ôfrin sei hy mei goede moed ‘oars moat ik no mar in alkohol frij pilske ha’. Moai om te sjen dat ús heit yn dizze fase fan syn libben der wer efkes sin oan hie. Us missie wie slagge!

It jier dêrop ferhuze ús mem nei Talma Hûs, dit omdat se troch har dementie net mear thús wenje koe. Fanôf dy tiid waard it de gewoante op nijjiersdei yn de fiver foar Talma Hûs te springen. De lêste jierren dogge ús bern, neefkes en nichtsjes, freonen en freondinnen ek mei. Us mem fynt dizze aksje altyd wakker moai. Mei dementie is it eins sa dat juster en moarn net mear bestean en dat foaral hjoed der ta docht. Soms as ik by mem kaam wie se fertrietich mar wist se net mear werom. De gebeurtenis wie se al fergetten mar it gefoel wie bleaun. Mar it wurket ek oarsom. In moaie nijjiersdûk, soarge foar in bliid gefoel. En mei in bytsje gelok bleaun dat goede gefoel noch in skoft hingjen.

HOE GIET DIZZE AKSJE?

1 jannewaris om 15.00 oere (fuort nei it Beppe Gerrie Swaaimomint) springe Hanna, Alys en de steunspringers yn de fiver by it Talma Hûs yn Feanwâlden.

Ha se dêr sin oan?
Nee!
Wêrom ha se dêr gjin sin oan?
Omdat dat ferrekte wetter stjerrende kâld is!

Dêrom moatte wy harren helpe! Jou dizze froulju in motivatiedonatie! Scan de QR koade en meitsje in moai, leaf, waarm, steunend mar foaral motivearjend bedrach oer! Minsken dy’t in hekel ha oan QR koades klikke op dizze link of meitsje it oer nei NL 04 INGB 0443 3863 66 t.n.v. H.J. Postema o.v.v. ‘motivatiedonatie’. Neist Hanna en Alys binne der mear dielnimmers dy’t dit jier yn it kâlde wetter springe, de saneamde ‘steunspringers’. Hooplik nimme dizze springers wat steun en toeverlaten mei sadat it in gesellich gehiel wurdt.

of klik op dizze link

Foar it springen is der sfeervolle iisbaanmusyk (fanwege it iiskâlde wetter) te hearren yn it Spoarpark. Ek wurdt der waarme poeiermolke ferkocht en is der de mooglikheid om in motivatiedonatie te dwaan. Wat soe it moai wêze dat se in stevich bedrach oerhâlde oan de Beppe Gerrie Nijjiersdûk 2026!!

Mochten jimme noch wat mear witte wolle oer de aksje (of de dûk) mail dan efkes nei Hanna hannajpostema@gmail.com of Alys alysklaziena@gmail.com. Komme jimme 1 jannewaris ek efkes te sjen? Dat fine wy en sy moai! Stypje dizze kâlde dûk en jou dizze froulju in waarm gefoel mei!

Mei groetnis,
Oege Visser

omdat it ûnferjitlike soms dochs fergetten wurdt
– De Beppe Gerrie Nijjiersdûk 2026 –