Startsnein 2024

Juster wie in moaie dei fan ferbining! Der wie fan alles op touw set. Nei in tsjerketsjinst ûnder lieding fan ús tsjerklik wurker Pieter Knijff koene we him, ûnder it genot fan in bakje kofje, moetsje. Dêrnei hat it hiele spul mei elkoar ‘oan de dis’ sitten en dat wie treflik foar elkoar! Der wie fan alles; sop, broadsjes, croissants, drinken, sûkerbôle, manna, kwakkels, neam mar op..

Nei it iten koe der keazen wurde foar in fytstocht, it meitsjes fan in corsage fan blommen en de jeugd koe te lasergamen nei it bosk tsjinoer Sape en Jellie. As ôfslúter fan de dei wie der in sing-a-long tsjinst yn tsjerke wêr de fersyknûmers fan de moarns foarbykaam binne. Al mei al in tige slagge startsnein!

Dat ús gemeente dit jier as in mostersiedsje groeie mei! #startsnein

Dit vind je misschien ook leuk...