Dêrjinsen yn ’t bûthús
Dêr jinsen yn ’t bûthús, sa dûnker en kâld,
kaam ienris de lytse Hear Jezus te wrâld.
Dêr skynde in stjerre, sa wûnder en rea.
De lytse Hear Jezus moast sliepe yn ’t hea.
Stil leine de bisten en kôgen wat griens,
en lytse Hear Jezus, hy skriemde net iens.
O leave Hear Jezus sjoch my ek ris oan,
en bliuw my neiby oant de daagjende moarn.
Bliuw by my, Hear Jezus, ferlit my dochs net,
bliuw altyd deun by my en hear myn gebet.
En noegje alle bern, dy’t om it krêbke no stean,
om ienkear mei Jo nei de himel te gean.
Ofbylding mei tank oan:
Christmas vector created by freepik – www.freepik.com