Fan Bethlehem en de Beatles | In Krystboadskip

In “writers block” sa neame se dat…. de krystbeam yn de hûs, ik achter de laptop, klear om in krystboadskip oan al ús gemeenteleden te typen…. En doe, ho mar. It woe net. Ik koe neat “sinnichs” betinke. Ik hie gjin ynspiraasje. Deiboekje iepen, deiboekje wer ticht, googelje ….. earst mar efkes de wask opteare, wa wit, wol it dêrnei dan wol….. oar deiboekje iepen en wer ticht, tinke, en mar wer die dat iene lytse swarte streekje op de laptop oars neat dan wat knipperje en wachtsje oan’t hy in letter wurde soe…. It moat toch net mâlder! It wie dreech. Want oan de iene kant wolst skriuwe oer de freugde en hoop dy’t wy troch de Krysttiid meinimme meie it nije jier yn. Mar oan de oare kant, yn sa’n tiid fan ôfstân, hoe kin dat dan by elkoar passe? Myn sin waard der net better op, dat wol ik wol earlik tajaan. Kin in stikje skriuwe my dan sá yn de macht ha?

En doe hearde ik de “ping” fan myn tillefoan. In leave âld-kollega fan wol 10 jier tebek, die my in berjochtsje: “hoi Gerrie, kin ik dy hjoed as moarn ris belje? Ik wol miskien wol ris wat oars kwa wurk, en ik soe dêr gewoan wol ris mei dy oer prate wolle?” “Jawis” wie myn reaksje oan har. En wittende hoe’t sy yn har leauwen stiet en hoe’t sy dêr mei aktyf is, stelde ik har ek in fraach: “ en ik sykje noch ynspiraasje om in krystgedachte te skriuwen, hasto wat tips foar my (mei in knypeach)?” Noch gjin 10 minuten letter hearde ik in oar “pinkje” , it “pinkje” fan in nije email. Fan har, mei moaie gedichten.

Help wie mar 1 fraach by my wei, help wie mar ien fraach by har wei.

“Help, ik bin iensum, wolsto mei my te fytsen”
“Help, wy wolle oer op griene stroom, kinsto ús helpe mei it formulier”
“Help, ik moat in wurkstik skriuwe oer in de jierren 70, kinsto/jo my fertelle wat jim toen útheefden”
“Help, ik doar net te boadskipjen yn dizze Coronatiid, wolsto dat foar my dwaan”

“Help, Hear, ik leau…..”

Yn Bethlehem waard ús Helper berne, it grutste geskenk foar de wrâld. Noch foardat wy sels de fraach om help steld ha, wist en wit Hy al wat wy nedich binne. En ek by Jezus jildt, dat help maar 1 fraach by Him wei is. Dêr meie wy op fertrouwe en dat mei ús hoop jaan.

De Beatles songen harren wrâldferneamde liet: “Help”. De strekking fan dat ferske is ek dat der by minsken om hulp frege wurd. Faak is dat moeilik, ek foar de sjonger fan dit ferske wie dit earst moeilik. Lit Kryst us it fertrouwen jaan, dat Jezus berne is yn Bethlehem om foar altyd us Helper te wêzen en dat Syn hulp op ferrassende wizen komme kin. It is mar 1 fraach, ien gebed by us wei….

Leef met aandacht,
Dicht bij je hart.
Val niet uiteen.

Blijf in de buurt
Van het kwetsbare leven.
Leef de dag van vandaag.

Bekeer je tot het alledaagse,
De zorg voor elkaar,
Een goed woord.

Luister om te zien.
Een moeder met de armen
Om haar kind.
Wiegt het in het ogenblik.

Dat is het wonder.
God met ons.
Het is zo dichtbij.

(L.J. Parlevliet)

Segene krystdagen en in hiel goed 2021 tawinske.
Groet,
Gerrie
Út namme fan de tsjerkerie PKN Broeksterwâld – de Falom

Dit vind je misschien ook leuk...