Oarder fan tsijnst zondag 26 Oktober Dankstondactie voedselbank

 

•  nog een paar berichten om dat er deze week geen weekbulletin verschijnt verdere info staat op het bewaarbulletin .

•   Dienst Zondag 26 Oktober 11:00

Voorganger. Dhr Jaap Klimstra .

Ouderling van dienst .Dictus Bouma .

Collectes 1e eigen jeugd .

2 e onderhoud gebouwen .

Oarder fan tsjinst Broeksterwâld 26 oktober 2025 om 11:00
Tema: ‘In timpel foar de Heare God wêze’, nei in wurd fan Petrus en in liet fan Charles Wesley
Lêze út de Fryske Bibel.
Liet foar de tsjinst: NLB 150a: O priizgje de Hear om ‘t wurd dat Hy brocht
Wolkom
Stil gebed
Sjonge: psalm 95: 1, 2, 3 ‘Us heil ús rots, is God de Heare’

Gebed
Wetslêzing en genedeferkundiging Efeziërs 4: 25 – 32 en Efeziërs 5: 1 en 2
Sjonge: NLB liet 754: 1, 2, 3 In liet fan Charles Wesley ‘Leafde, godlik, ûnbemetten’
en yn ús ferstân. Amen.
Lêze: Exodus 29: 15 – 18, 23 – 25 en 38 – 45
Sjonge: psalm 141: 1 en 2 ‘Hear, ik rop ta Jo yn myn neden’
Lêze: 1 Petrus 2: 1 – 10
Sjonge: NLB Liet 834 ‘Wol my fernije, ivich ljocht’
Tekst: 1 Petrus 2: 9a: Jim binne in keninklik prysterfolk
Oertinking mei 5 plaatsjes oer de beamer
Harkje nei: https://www.youtube.com/watch?v=IJ6pmSEzJ5A
Tankgebed
Sjonge it yn it Frysk oersette liet fan Wesley: “O Jo, dy ‘t kamen fan omhegen’, op de wize fan NLB Liet 778 De tekst fan de fjouwer ferskes is meilevere op in apart papier

Segen mei in sprutsen amen

Sjonge NLB 425 ‘Wy gean mei Jo segen’

NLB 150a
O priizgje de Hear om ‘t wurd dat Hy brocht.
Sjong bliid ta syn ear, jim ingels fan ‘t ljocht.
Foar dy ‘t alles makke, sjong, himels, in liet,
Bring Tank oan de Iene, dy’t noed foar ús stiet.

O priizgje de Hear! Oanbid Him, o wrâld,
dy’t lyk as in heit fan minskebern hâldt.
O loovje jim Heare mei jûchjende stim.
Wês bliid mei syn leafde en libje foar Him.

O priizgje de Hear! Lit klinke rûnom
in liet ta syn ear: Hy sjocht nei ús om.
Lit jubelje ‘t oargel, lit harp en trompet
de gloarje fertolkje fan Him dy ‘t ús rêdt.

O priizgje de Hear! Foar Him is ús liet,
dy ‘t no en tenei ús helpt en ús liedt.
Om ierdske ûntjouwing, om himelsk genot,
syn geunst en ferjouwing: o priizgje ús God!

Psalm 95: 1, 2, 3
Us heil, ús rots, is God de Hear,
brek út yn jubel ta syn ear,
lit ús mei lof syn antlit moetsje!
Kom, hef no bliid de lofsang oan
en wol Him yn de iere moarn
mei freugde-psalmen biddend groetsje.

De Hear is grut, in hearlik God,
dy’t giet oer minsketiid en -lot,
in kening, grut bopp’ alle goaden;
it djipst fan d’ ierd’ is yn syn hân,
Hy hâldt de heechste berch yn stân,
de wrâld bestiet by syn geboaden.

De wide seeën binn’ fan Him,
Hy hat se skepen mei syn stim,
syn hannen foarmen ek it drûge.
Kom, lit ús ta de Heare gean,
earbiedich foar ús Skepper stean
en biddend foar syn antlit bûge.

NLB 754: 1, 2, 3
Leafde, godlik, ûnbemetten,
mear as alle leafd’ op ierd’,
kom, hâldt yntocht yn ús herten,
leafde dy ‘t ús langst ferstiet.
Jezus, ien en al ûntferming,
kom omleech yn ús ferlet,
lit ús libj’ yn jo beskerming,
kom en wenje yn ús hert.

God almachtich, Jo dy ‘t dimmen
ta ús kamen, kom werom
en lit ús noait mear allinne,
wachtsjend op jo dei dy ‘t komst.
Wy woll’ Jo yn tsjerke priizgje
mei de hill’gen himelheech,
oant wy yn jo paradizen
foar Jo steane each yn each.

Wol jo wurk oan ús foltôgje,
meitsj’ ús rein en meitsj’ ús frij,
oant wy skielk in wrâld oanskôgje
net mear skeind, mar geef en nij,
oant w’ in ivich wenoplak fine
en wy mei ús gouden kroan
foar jo antlit, Hear ferskine
en dy lizze foar Jo troan.

Psalm 141: 1 en 2
Hear, ik rop ta Jo yn myn neden,
wol nei my hearre, bliuw nei-by,
wês in betroud hâldfêst foar my
en hâld jo earen nei myn reden!

Lit myn bidden wêz’ yn Jo eagen
as wijreek dy ‘t omhegen giet.
Ik hef myn hannen, Hear, och wie ‘t
dat Jo ‘t as offerjefte seagen

 

NLB 834: 1, 2, 3
Wol my fernije, ivich ljocht,
jo antlit haw ik altyd socht,
jou dat ik yn jo mienskip diel,
werskep my, God, nei lea en siel.

Skep, God, in nije geast yn my,
in geast fan ljocht, fan sûnde frij,
dan sil ‘k jo wurd en wil ferstean
en fleurich op jo wegen gean.

Wês Jo de sinn’ yn myn bestean,
dan kin ik feilich fierder gean,
oant aanst de dei komt, ivich ljocht,
dat ik jo hearlik antlit sjoch.

It lêste liet nei de kollekte

O thou who camest from above O Jo, dy ‘t kamen fan omhegen.

O Jo, dy’t kamen fan omhegen
mei’t himelsk leafdefjoer teset.
Stek oan dy flam fan hillige leafde
op ’t need ‘rich alter fan myn hert

Dêr mei it baarne ta Jo eare,
in lôge dy ’t net útgiet, ea,
en kroljend opgean nei Jo, Heare
mei lofsang en in dimmen bea

Jezus, wêr’t ik no sa nei langje
is wurkje, sprekke en sjonge foar Jo
Lit my dat hillich fjoer bewarje
en oanpoene dy jefte fan Jo.

Ree om jo goede wil te folgjen
Yn leafd’ en leauwen al mar oan.
Dat by myn dea troch Jo genede
it offer klear leit foar Jo troan.

 

Dankstondactie voor de Voedselbank.
Dit jaar organiseren we weer een actie voor de Voedselbank Dantumadiel. Er kunnen net als vorige jaren weer producten zoals winteraardappelen en wintergroente bij Peter en Anneke Wolters besteld worden. Zij verzorgen ook dit jaar het vervoer van de verzamelde producten naar de Voedselbank, daar zijn wij als kommisje ze heel dankbaar voor.
Van de Voedselbank hebben een lijst gekregen met producten die voor hen bruikbaar zijn.
Wasmiddel (color), Douchegel, Jam/pindakaas, Hagelslag/vlokken, Suiker koffiemelk Koffiepads Patent bloem Olijfolie/zonnebl.olie, vloeibare bak en braad producten, potjes kruiden: italiaanse of peper e.d. Chocomel, Ranja, vlees in blik ( knakworstjes e.d.) Blikken soep, Blikken/potten groente, Pastasauzen.
En vanzelfsprekend is ook een financiële bijdrage van harte welkom deze kunt u overmaken op banknummer: NL60RABO01621.90.735 onder vermelding van: Stichting Voedselbank Dantumadiel.
Er staat in de hal van de kerk ook een emmertje waar u een financiële bijdrage in kunt doen.
U kunt uw producten op zondag 2 november en op woensdag 5 november Dankstond inleveren in de hal van de kerk.
Wij hopen ook dit jaar op uw medewerking om er weer een groot succes van te maken, de Voedselbank zal u zeer dankbaar zijn.
De opkreaskommisje:
Binnie, Renny en Wiepie

.