Tûzenste berjocht
Tûzen!!!
Tûzen berjochten op ús webside. 403.900 pagina’s binne besjoen. Troch hast 100.000 minsken. Rekkene fanôf 2013, doe’t de webside oergien nei in nij platform. Dat is in moai protte en de echte sifers lizze noch aardich heger omdat we noch 2 oare websitenammen hân ha dy’t hjir net bytelt binne.

Net allinne yn Fryslân wurdt der meisjoen… Dit binne lannen dy’t it faakst meisjogge. Yn totaal ha we út 121 lannen besite hân! Ek fan de Russen, hâld dy mar klear…

Dominee Koppe en de liettekst ‘Stil gebed’ wiene aardich populair. By dy lêste stie in plaatsje dat fanwege auteursrjocht sawat € 800,- kostje moast… lokkich is dat oars oplost.

As der fia in sykmasine nei ús webside socht wurdt dan is kreativiteit net it earste wurd dy’t boppedriuwen komt 😊… Wol moai is dat ien dy’t siket op ‘mannenkoren regen dokkum’ ek by ús webside útkomt.

Al mei al in prestaasje fan formaat dat in yn ferhâlding lytse tsjerkemienskip safolle berik hat.
Dit is berjocht nûmer 1000! En it sil wol net de lêste wêze. En hoe kinst soks yn 2026 no better fiere dan mei in troch AI makke plaatsje! Lekker kleurig en fleurig, krekt sa’t it leauwen yn ús hert libje moat.

