Weekbulletin 17 mei 2020
Vanuit de PKN is aangegeven dat er voorlopig tot eind mei geen diensten in de kerken zullen plaatshebben. Onze kerk sluit zich daar bij aan. Wel hebben we ook komende zondag weer een online kerkdienst. Deze is te beluisteren via onze website, via kerkomroep.nl en via de kerktelefoon van kabelnoord.
*Website
Houdt u zo goed mogelijk de website van onze gemeente in de gaten voor belangrijke mededelingen, update’s, bemoedigingen etc. https://www.pknbroeksterwald.nl
● Berichten weekbulletin 24 mei inleveren voor vrijdagmorgen 22 mei voor 10.00 uur op Haaijehoeke 8, tel. 421063 of via de mail: weekbulletin@pknbroeksterwald.nl
● Informatie betreffende Collectes:
Wilt u/jij een gift overmaken? Dat kan op het bankrekeningnummer: NL07RABO 0343.3554.85 tnv Diaconie PKN Broeksterwâld. Het is hierbij wel belangrijk dat u/jij op de overschrijving duidelijk aangeeft voor welk collectedoel uw gift bestemd is.
17 mei: 1e collecte: kerk
2e collecte: onderhoud gebouwen
It docht bliken dat der gemeenteleden binnen dy’t net rjocht witte hoe as hja mei de kollektes oan moatte.No binne der in pear mooglikheden:
– Jo kinne eltse snein in bedrach oermeitsje nei it doel fan de kollekte op de belutsen snein, dat dan graach even oanjaan yn’e omskriuwing
– Jo kinne ek ien bedrach yn’e moanne oermeitsje, om mar in bedrach te neamen € 30,00 dat kin dan foar ferskate doelen wêze, en dan sette jo der efkes yn’e omskriuwing by wêr’t it jild hinne moat, dat kin as foarbyld wêze € 10,00 foar tsjerke, € 10,00 foar ûnderhâld fan de gebouwen en € 10,00 foar de diakonie. Dit binne in pear foarbylden, jo binne fansels frij om it bedrach te wizigjen. It rekkeningnûmer fan de diakonie is: NL07 RABO 0343.3554.85
Mei freonlike groetnis, de diakens
● Pastoraal nieuws:
In nij libben
in lyts wûnder
it klinkt sa gewoan
mar foar ús hiel bysûnder
Berne op 9 maaie 2020
Hanne Haisma
De grutske âlders binne Freerk en Lutske Haisma
Nije Buorren 42, 9243 JR Bakkefean
Út namme fan ‘e gemeente tige lokwinske mei de berte fan jim famke!
● Oarde fan tsjinst 17mei 2020 Broeksterwâld:
voor de dienst: zingen: Klaas zingt: “Heer, machtig God, ik loof U”
We zingen: Lied 161 Evang. Liedb.
welkom en mededelingen
zingen: Ps 98: 1 en 3 (nije lieteboek) :
Bemoediging en groet
Zingen: Lied 505 Opwekkingsbundel
Gebed
Joanne en Tessa spelen: “De Rivier” (Opw 642)
Leefregels: Exodus 20
Ps 119: 12, 34 en 44
Schriftlezing: Handelingen 2: 41-47 en enkele verzen uit Romeinen 16 en 1 Kor 16: 19 en Koloss 4: 15
en Filemon 1: 2
Zingen: Gez 326: 1 en 5
Verkondiging
Meditatief moment: Joanne en Tessa spelen: “Zegekroon” (Opw 764)
We zijn even stil om met God te delen wat ons bezighoudt…
We zingen mee met Gez 314: 1,3 en 4
Gebeden
Klaas: “The Lord is my Shepherd”
Slotlied: Lied 218 Evang. Liedbundel
Zegen
Befrijing
Op 5 maaie mochten wy de befrijing fan in satanysk jok betinke. It hiele betinken en it dêrmei gearhingjende feest wie hiel oars as earst de bedoeling wie. Fiif-en-tweintich jier lyn wienen der wat dat oanbelanget minder beheiningen. Yn in doarp net iens sa fier by ús wei namen de fjouwer tsjerkemienskippen dêr doe it beslút om in mienskiplike tanktsjinst te hâlden. Soks wie wol hiel bysûnder, want gewoanwei koenen se net heal troch ien doar. Foar ien kear waard wier wêr ‘t de Heare Jezus om bea: “dat se allegearre ien wêze meie”. (Johannes 17: 21). By it útgean spile de oargelist psalm 133: “Zie toch hoe goed, hoe lieflijk is ‘t dat zonen van ‘t zelfde huis als broeders samenwonen.” Foar guon tsjerkegongers gie sok spyljen hast in bytsje te fier. Jo moatte ek net oerdriuwe.
Spitichernôch komme wy as christenen al in skoftsje hielendal net mear byïnoar. Want as wy earlik binne, fiere wy yn tsjerke alle sneinen de Befrijing. Ja, de haadletter is net in fersin. Fiering fan de Befrijing fan de dea, omdat de Heare Jezus de dea oerwûn hat. En fiering fan de Befrijing fan de sûnde as wy de Heare Jezus folgje. Lit ús hoopje en bidde dat wy yn dat fieren net fersleaukje no ‘t wy allinnich oer de tsjerketillefoan, de ‘kerkomroep’ en de tillevyzje hearre oer de grutte dieden fan God.
