Eeuwigheidszondag – jo binne wolkom
22 november, de lêste snein fan it tsjerklik jier. Wy steane yn leafde stil by en neame de nammen fan harren dy’t us foargien binne. Har nammen wurde neamd, mar net as in opsomming. Se wurde yn ferbân brocht, yn de rige pleatst mei allegear dy’t ús yn Kristus foargien binne en mei allegear dy’t noch komme sille. Se heare allegear by elkoar, al dy nammen út it ferline en it heden: tegearre ûnderweis nei Gods takomst.
En no kinne wy as gemeente dit op sa’n dei, net mei syn állen diele. Wy tinke oan de minsken fan us tsjerke, mar wysels ék, drage de nammen yn ús hert en op de tonge, fan harren dy’t us ûntfallen binne.
Dêrom is tsjerke sneintemiddei 22 november tusken 15.30 en 17.00 iepen, foar elts dy’t in kearske oanstekke wol, dy’t efkes neitinke, betinke, sitte wol.
Dat wy sa, mei syn allen, ús troch dit betinken en it ljocht ferbûn fiele meie.
(Kom wannear’t it útkomt, hâldt rekkening mei in oar)