Tinke en betinke – ús tsjerke is iepen

21 november, de lêste snein fan it tsjerklik jier.  Wy steane yn leafde stil by en neame de nammen fan harren dy’t us foargien binne. Har nammen wurde neamd, mar net as in opsomming. Se wurde yn ferbân brocht, yn de rige pleatst mei allegear dy’t ús yn Kristus foargien binne en mei allegear dy’t noch komme sille. Se heare allegear by elkoar, al dy nammen út it ferline en it heden: tegearre ûnderweis nei Gods takomst.

Ús gemeente stiet mei de neisten stil by de gemeenteleden dy’t dit tsjerklik jier stoarn binne.  Wy tinke oan harren. Wysels drage har en faaks ek oare nammen, fan dy’t ús ûntfallen binne, yn ús hert en op de tonge.

Dêrom is tsjerke sneintemiddei 21 november tusken 15.30 en 17.00 iepen, foar jo, foar dy, foar it doarp, foar elts,  dy’t in kearske oan stekke wol,  dy’t efkes neitinke, betinke, sitte wol.

Dat wy sa, mei syn allen, ús troch dit betinken en it ljocht mei elkoar ferbûn fiele meie.

(Kom wannear’t it útkomt, hâldt rekkening mei in oar)

Dit vind je misschien ook leuk...