Geen kerkdiensten ivm coronavirus

Stil mijn ziel wees stil,
En wees niet bang
Voor de onzekerheid van morgen.
God omgeeft je steeds
Hij is er bij,
In je beproevingen en zorgen

 

Update 21/03

Oer it wykbulletin
Dit is foar de measten fan jo foarlopich it lêste wykbulletin dat jo op papier thús besoarge krije. Salang as de beheiningen fanwegen it Coronavirus noch jilde krije tenei allinnich de adressen dy ‘t gjin ynternet hawwe it wykbulletin op papier thús besoarge. De minsken dy ‘t
gjin ynternet hawwe wurde sadwaande fersocht dit troch te jaan oan harren wykâlderling. Alle oaren kinne it wykbulletin tastjoerd krije oer it emailadres dat jo opjaan kinne oan jo wykâlderling. Op de website fan ús tsjerke www.pknbroeksterwald.nl komt it wykbulletin ek te stean, mar dan sil gefoelige ynformaasje yn ferbân mei ‘privacy’ der net op te finen wêze. Leden en freonen fan ús tsjerke dy ‘t neat opjouwe oan harren wykâlderling rinne dus it risiko foarlopich gjin folslein wykbulletin mear te krijen.

Oer de kommende tsjinsten
Salang as de driging foar besmetting mei it firus der noch is hâlde wy gjin iepenbiere tsjinsten yn ús tsjerkegebou. Sa gau as dy tsjinsten wer begjinne krije jo berjocht dêr oer. Wol sille wy besykje om op sneintemoarn 29 maart om 9:30 in útstjoering te fersoargjen fia de tsjerketillefoan en kerkomroep (www.kerkomroep.nl en dan Broeksterwâld yn it iepensteande hokje type). Dûmny Van Vliet hopet foar te gean yn dizze tsjinst. Miskyn komt der ek noch in youtube filmke fan, mar dat is noch net seker. Sa hoopje wy ek op Goed Freed de jûns in útstjoering te fersoargjen. Fierders kinne jo ek rûnom telâne om tsjerketsjinsten te beharkjen, op radio, tillevyzje en fia it ynternet.

Oer de kollekten
Oan de ein fan dit wykbulletin fine jo in meidieling fan ús diakenen oer it bydragen oan de kollekten. Oer de fakatueres yn de tsjerkeried
Omdat fanwegen it firus it no better is om net by minsken oan de doar te kommen hat de tsjerkeried it beslút naam om it wurkjen oan it opfoljen fan de fakatueres yn de tsjerkeried út te stellen. Guon leden sille tocht hawwe dat wat dit oanbelanget har doar foarbyrûn wurdt, mar dêr moatte jo earst mar net op rekkenje.

Oer de blommen fan tsjerke en it jierdeifûns
Fanwegen it risiko op besmetting wurde yn de kommende tiid gjin blommen fan tsjerke bydelbrocht. Ek geane de kollektanten foar it jierdeifûns net op ‘n paad.

Oer de potgrûnaksje foar de jongerein mei De Petrusgemeente
De potgrûnaksje giet foarlopich ek net troch, want dan moatte jo mei in groep minsken by de doarren del om kontant jild en dat is no net in goede saak.

Oer it kloklieden de kommende twa woansdeis
Us tsjerke sil op inisjatyf fan ‘Klokken van Hoop’ meidwaan oan it kloklieden de kommende twa woansdeis fan 19:00 oant 19:15. It kin wêze dat ek op lettere data de klok noch let wurdt. Oer ús omtinken oan de minsken út ús doarp Yn dizze tiden fan driging en sykte moatte wy net ferjitte om op te sjen nei God ús Heare of om om te sjen nei de minsken om ús hinne. Wy binne yn oerlis mei de Petrusgemeente om te sjen wat de tsjerken fan Broeksterwâld – De Falom betsjutte kinne foar minsken dy ‘t help nedich hawwe foar bygelyks boadskiprinnen of oare saken. Sa gau as soks dúdliker wurdt hearre jo der mear fan.

Oer de yntertsjerklike tsjinst op peaskemoandei yn De Ontmoeting
Bestjoerslid Cecilia Steringa-Hamstra fan de kommisje hat trochjûn dat it beslút naam is om de tsjinst op peaskemoandei yn De Ontmoeting te Damwâld net trochgean te litten. It is wol hiel spitich, mar it is net oars yn dizze sitewaasje.


ouder nieuws

Het moderamen heeft besloten dat in verband met het dreigende coronavirus in ieder geval de kerkdiensten van komende zondag en de diensten van volgende week zondag niet doorgaan. Oftewel de diensten van 15 en 22 maart. Hiermee volgen wij het advies van de PKN en de classicpredikant.

Mochten er aanvullingen of wijzigingen in deze komen dan wordt dit bericht zo spoedig mogelijk aangevuld. Dit delen wij dan ook op onze Facebook pagina.

Update 13/03 12:12

  • Het groot huisbezoek gaat niet door
  • De samenkomst van de plattelandsvrouwen maandag 16 maart gaat niet door
  • De ledenvergadering van uitvaartvereniging ‘En Hij Stierf’ gaat maandag 16 maart niet door
  • De koffieochtend van woensdag 25 maart gaat niet door

Update 13/03 14:52

  • Jeugdclubs en Catechisatie komen, in ieder geval de komende 2 weken te vervallen

Update 13/03 20.54, te bekijken en beluisteren diensten

  • Zondagochtend om 9:30 uur zal op streekomroep RTV NOF een live tv-uitzending zijn van een speciale kerkdienst. In verband met het coronavirus en de maatregelen van het kabinet zijn veel kerkdiensten in Noordoost Fryslân geschrapt, omdat bijeenkomsten van boven de honderd mensen niet meer toegestaan zijn.
  • Yn ferban mei it Coronafirus ferfalle yn Fryslân de kommende wiken ek hast alle tsjerketsjinsten. Om de Friezen dochs in tsjerketsjinst belibje te litten, stjoert de Omrop kommende snein fan 10.00 oere ôf live op radio en telefyzje in tsjinst út. De tsjinst komt út de Martinitstjerke yn Frjentsjer wei, mei as foargonger dominy Sytze Ypma en Jochem Schuurman as oargelist. In part fan it Kwartettekoar wurket ek mei oan de tsjinst.
  • Groot Nieuws Radio organiseert zondagochtend een live kerkdienst met ds. Ron van der Spoel. Nu veel kerkdiensten worden afgelast vanwege het coronavirus, wil Groot Nieuws Radio christenen in Nederland dienen door een actuele kerkdienst te houden.
  • Komende zondag 15 maart begint om 11 uur de BEAM-kerkdienst live op YouTube. Die kun je via onderstaande link bekijken (abonneer je alvast!) Alle bijeenkomsten van 100 of meer mensen zijn afgelast vanwege het coronavirus. Helaas betekent dat ook dat veel kerkdiensten zondag niet meer doorgaan. Daarom organiseren wij komende zondag een kerkdienst die je online live kan bijwonen! Met veel worship van de BEAM Worship Band en een overdenking van Jurjen ten Brinke over vertrouwen op God, wat het betekent om te geloven ‘als het erop aan komt’? Daarnaast kan je in de chat al je prangende vragen stellen 🙂

Rechtstreekse links:

Kerkdienst RTVNOF: https://www.rtvnof.nl/# 

Tsjerketsjinst op Omrop Fryslân: https://www.omropfryslan.nl/live/omrop-fryslan-tv

Grootnieuwsradio: https://grootnieuwsradio.app

EO Beam:

 

Graach oant sa gau as mooglik!

Dit vind je misschien ook leuk...