Stil gebed

Stil gebed

Soms is ’t krekt as kinst net fierder,
fielst dy wurch, ferslein, ferlern,
wurdt de lêst dy hieltyd swierder,
woest wol skûlje as in bern.
Bisto yn dy striid allinne,
fjochtest mei dysels it meast.
As der swierrichheden binne,
wêr fynsto dan help en treast?

Bisto wurch en út ’e liken
fan gewraksel om ’e nocht,
docht it elke kear wer bliken
dat gjin mins dyn pine sjocht,
dan meist yn dat lijen witte:
alle soargen, noed en lêst
kinsto earne achter litte –
yn gebed fynst wol wer rêst.

Sykj’ in plak, stil en ferlitten
en doch dêr dyn hannen gear,
bliuw dêr mar wat rêstich sitten
en do fielst gjin wurgens mear.
Yn dyn hert bisto ferromme,
’t wurdt wer ljochter lang om let.
En wer nije krêften komme –
inkeld troch sa’n stil gebed.

 

De oersetting is fan Grytsje Kingma. Klik op har namme foar har side (wêr noch mear moaie nûmers op stean).

It berjochtsje op facebook fine jo hjir.

Dit vind je misschien ook leuk...