Weekbulletin 19 juli 2020

● Website
Houdt u zo goed mogelijk de website van onze gemeente in de gaten voor belangrijke mededelingen, update’s, bemoedigingen etc. https://www.pknbroeksterwald.nl

● Kerkdienst. Vandaag 19 juli 2020 om 9.30 uur: ds. M.J. Koppe, Dokkum te volgen via de kerktelefoon en www.kerkomroep.nl. Koster: Kees.
Dienst op zondag 26 juli a.s.:
In de dienst: Ds. A. J. van der Wiel, Leeuwarden.
Koster: Klaas
Collectes: 1e kerk, 2e onderhoud gebouwen

● Informatie betreffende Collectes:
Wilt u/jij een gift overmaken dan kan dat op het bankrekeningnummer: NL07RABO 0343.3554.85 tnv Diaconie PKN Broeksterwald. Het is hierbij wel belangrijk dat u/jij op de overschrijving duidelijk aangeeft voor welk collectedoel uw gift bestemd is.
19 juli : 1e collecte: kerk
2e collecte: onderhoud gebouwen

● Berichten weekbulletin 19 juli inleveren voor vrijdagmorgen 17 juli voor 10.00 uur op Haaijehoeke 8, tel. 421063 of via de mail: weekbulletin@pknbroeksterwald.nl

● Een bloemengroet gaat, met een groet van ons allen, naar:
Binnie Wolters-Postma, Sj.Baukesstrjitte 13.
Griet Bouma-Hilverda, Haadwei 26.
Jacob Bijlsma, Schwartzenbergloane 7.
Klaske Koonstra-Kooistra, Mr. Hamstrjitte 18.

● Verjaardagen komende week: 24 juli. Mevr. J.Veenstra-v.d.Veen,Meekmastrjitte 12. (79 jaar).

● Pastoraal nieuws:
Eva Jansen, Van Iddekingeweg 184, 9721CM Groningen, hat har útskriuwe litten as lid fan de PKN.
Jellie Reitsma, Tienewei 16, Broeksterwâld, is ferhúze nei Ferwert.
Annemieke Flootman, ds. Feitsmastrjitte 6, Broeksterwâld, is mei har twa bern Angélie Valentina en Lorenzo Guillaume ferhuze nei de Blauhússtrjitte 21, 9104 EV Damwâld.
Eelke en Jitske de Jong, Kavelwei 41B, B’wâld, mochten op freed 17 july 2020 harren 50 jierrige troudei fiere. Tige lokwinske famylje De Jong fan us tsjerklike gemeente.

● Tank
Fan NN hat de tsjerke fia in âlderling in jefte krigen. Wy wolle dizze NN graach tige tank sizze.

● Oer de gong fan saken yn de tsjerketsjinsten:
By in pear tsjinsten dy ‘t allinnich oer de tsjerketillefoan en www.kerkomroep.nl útstjoerd waarden binne de ôfkundigingen en de skriftlêzing troch ien fan ús eigen gemeente dien. Dat is bard yn oerlis mei de foargongers, om wat eigens en war fariaasje yn de útstjoerde tsjinsten oan te bringen. Wy hawwe no dat in part fan de gemeente yn tsjerke sit, wylst de oaren meiharkje oer de media. It hinget fan de foargonger en fan de sitewaasje ôf oft yn de takomst de foargonger fan bûten alles docht, of dat ien fan ús gemeente de meidielings en/of de skriftlêzing docht. Guon foargongers dogge leafst alles sels wylst oaren foaral de ôfkundigingen leaver oan in oar oerlitte. Yn it gefal wy aanst in skoft sûnder eigen dûmny sitte moatte wy noch mar ris sjen wat it bêste wurket.

● Liturgie.
Liturgy snein 19 july 2020 Foargonger ds. M.J. Koppe út Dokkum
Thema : De grote Alijah gaat beginnen !
Voor de dienst : Gez. 243 : 1, 2 en 7
Welkom en mededelingen
Intochtslied : ps 122 : 1 en 2
Stil gebed /votum en groet
ipv Klein gloria zingen we (neurien we ) : ps 75 : 1 en 7
verootmoedigingsgebed
zingen gez 440 : 1 en 4
Wetslezing
Gebed om de H.Geest
Schriftlezing : Ezechiel 36 : 21 – 32 (NBg vert. van 1951)
Zingen : EvB 410 : 1, 2 en 4 tekst : H.Catechismus Zondag 1
Verkondiging
zingen : Evb 186a : 1,2 en 3
Dankzegging en voorbeden
slotlied EvB 411 : 1 en 2
zegen
Voor het uitgaan: https://www.youtube.com/watch?v=TSri-mxLCUc

● Vanaf 12 juli willen we weer een kerkdienst in ons gebouw houden. Hiervoor hebben we een gebruiksplan moeten opstellen.
Wij vinden ontmoeting, gesprek en nabijheid belangrijk. Toch zullen we rekening moeten houden met onderstaande punten:
– anderhalve meter afstand houden tussen mensen die niet tot hetzelfde huishouden behoren;
– mensen die ziek of verkouden zijn dringend verzoeken om thuis te blijven, samen met anderen uit hun huishouden;
– de samenkomsten zo inrichten dat we op het gebied van organisatie, routing en hygiëne voldoen aan de richtlijnen en voorschriften van de overheid / het RIVM en de vanuit het landelijk kerkverband aangereikte richtlijnen;
– op de hoogte blijven van ontwikkelingen en aanwijzingen. We leren, evalueren en stellen bij vanuit de praktijk. Dat betekent dat we dit gebruiksplan regelmatig actualiseren.

We hebben eerder aangegeven dat u zich moest opgeven, maar dit is niet meer van toepassing. U/jij bent van harte welkom. Bij de kerk staan enkele coördinatoren om u de route te wijzen.

Binnenkomst van kerk en kerkzaal
● De deuren zijn geopend, zodat mensen geen deurklinken of klapdeuren hoeven aan te raken.
● Het desinfecterend middel om de handen te reinigen staat op de tafel in de hal.
● Ieder gemeentelid neemt de jas mee. Deze kan over de stoel hangen.
● Er zijn 2 coördinatoren (koster en diaken) die de gemeenteleden welkom heten en een plaats aanwijzen.
Diegenen die het weekbulletin niet op digitale wijze hebben ontvangen wordt een papieren exemplaar aangereikt door de koster.
Verlaten van de kerk
Na de dienst mogen de leden op aanwijzen van de coördinator (de koster) de kerk verlaten. Hierbij blijft de 1.5 meter afstand gewaarborgd.
Dit is een deel van het gebruiksplan. Het gehele gebruiksplan is te vinden op onze website www.pknbroeksterwald.nl (deze proberen we actueel te houden)
Collecteren: De collecte vindt plaats bij de uitgang. Hier staan twee schalen met een bordje waarop aangegeven waar de collecte voor bedoeld is. De diaken houd dit in de gaten.

● Overlijden Ds. Vree.
Op dinsdag 14 juli 2020 stond deze rouwadvertentie in landelijk dagblad “Trouw”. Ds. Vree is in onze gemeente begonnen als predikant. We willen zijn gezin en verdere familie sterkte toewensen met het verlies van hun vader, schoonvader en opa.

Abba, Roxette en A-Ha
Dat in protte minsken net witte dat Lachai –Roï neffens de Bibel ek in namme is dêr ‘t de Heare God mei oansprutsen wurdt, sil gjinien nij dwaan. Mar fan Abba, dêr ferwachtsje jo fan dat hast alle Nederlanners wol witte dat de Heare dêr ek wol mei bedoeld wurdt. Op snein 12 july wie in útstjoering fan de kwis ‘Postcode Loterij – Een tegen vijftig’ op ‘e tillevyzje. Fan de fyftich dielnimmers yn de seal wienen al fjouwer útskeakele. De fraach kaam doe hokker namme fan in Skandinavyske popgroep wol brûkt waard foar God: Abba, Roxette of A-Ha. It die bliken dat 34 fan de 46 oerbleaune dielnimmers wat oars yndrukten as Abba. It kin fansels wêze dat dielnimmers oan de Postkode Loterij allinnich mar geane foar de mammon, de god fan it jild. Likegoed tekenet it de sitewaasje yn Nederlân wol. Kennis fan de Bibel en fan it leauwen yn God binne al mar mear fier te sykjen.
Mar wat wolle jo ek. Op in protte kristlike skoallen stiet persoaniel foar de klasse dat sels nearne mear oan docht wat it leauwe oanbelanget. Saneamde gearwurkingsskoallen komme yn ‘e moade en it falt dêr net ta om de bern noch wat by te bringen oer de Bibel. Yn guon gesinnen fan gemeenteleden wurdt net mear bidden en út de Bibel lêzen. Yn Markus 16:15 stiet oars hiel dúdlik wat de Heare Jezus as opdracht jûn hat. “… ferkundigje alle skepsels it bliid boadskip”. Yn Deuteronomium 6: 5 – 7 stiet it sa: “Do moatst de Heare dyn God leafhawwe mei dyn hiele hert, mei dyn hiele siele en mei al dyn macht. En dizze wurden dy ‘t ik dy hjoed gebied moatst dy goed ynprintsje. Do moatst se dyn bern ynskerpje en der oer prate, wannearst yn ‘e hûs sitst en ast op ‘en paad bist, ast op bêd giest en ast derôf komst”.
Der sit neat oars op, bêste lêzers: wy sille as tsjerken mear oan evangelisaasje dwaan moatte.

Dit vind je misschien ook leuk...