Weekbulletin 2 februari 2020

● Dienst op zondag 2 februari a.s.
In de morgendienst: ds. A.J.J. van Vliet eigen voorganger, organist B. Bosch
In de middagdienst: dhr. L. Blees Wâlterswâld, organist v.d.Weide
Collectes: KIA Werelddiaconaat, 2e onderhoud gebouwen
Koster: Reinder
Kindernevendienst: Groep 1 t/m 8.
Onderwerp: Ruth en Naomi
Kinderlied:

Liederen voor de dienst: EB 17: 1,2,3 ’s middags: EB 8: 2x zingen.

● Kerkboeket en bloemengroet:
Het kerkboeket gaat, met een groet van ons allen, naar het zestig jaar getrouwde bruidspaar, Jan en Tiete Eisma-Kempenaar, Joh. Tabesstrjitte 5. Ook ging er bloemengroet naar familie de Boer-Dijkstra, Kavelwei 74 en Geanne Hoekstra, Haadwei 40, De Falom.

● Berichten weekbulletin 9 februari inleveren voor vrijdagmorgen 7 februari voor 10.00uur op Haaijehoeke 8, tel. 421063 of via de mail: weekbulletin@pknbroeksterwald.nl

● Verjaardagen deze week:
Mevr. S. Wolters-de Vries. Meekmastrjitte 5. 78 jaar. Alvast van harte gefeliciteerd.
● Dienst op zondag 9 februari a.s.
In de morgendienst: ds. M.J. Koppe Dokkum, organist J. Klimstra
In de middagdienst: ds. A.J.J. van Vliet eigen predikant, organist v.d. Weide
Middagdienst is Jeugddienst.
Collectes, Collecte Cathechese en educatie 2e onderhoud gebouwen
Koster: Klaas
Kindernevendienst: Groep 1 t/m 4.
Onderwerp: Ruth en Boaz
Kinderlied:

Liederen voor de dienst:EB 6: 1,2,3’s middags: EB 7a: 1,3,5

● Pastoraal nieuws:

Freark Schaafsma is no wer thús út it MCL. Troch in longûntstekking en wat oare swierrichheden moast er opnaam wurde. Wy winksje Freark betterskip ta. Kaartsjes ta bemoediging binne fansels wolkom op de Pieter Dantumastrjitte 1.
Hilda Jilderda-Huizenga is verhuisd van het MCL naar Noorderbreedte in Leeuwarden. Hier gaat zij toe voor verder herstel en revalidatie. Wij wensen haar beterschap toe. Kaarten kunt u sturen naar Haeijehoeke 8.
Sape van Klaarbergen is vorige week opgenomen voor een darmoperatie. Wij hopen en bidden voor hem dat hij weer beter mag worden. Zijn adres is MCL afd. U kamer 11.
● Koffieochtend op woensdag 12 Februari vanaf 10.00 uur in het lokaal van de Geref. kerk.
Even een terugblik met een kort verslagje van de koffieochtend van 15 januari.
De koffieochtend van woensdag 15 januari was heel gezellig, met nu een andere opstelling. Er waren vrij veel mensen aanwezig. Wij hoorden twee prachtige korte verhalen van Liuwe Huizinga terwijl Anna Martha Klimstra een quiz voor ons gemaakt had. Ieder werd weer ruimschoots voorzien van koffie, koek en versnaperingen. Voor herhaling vatbaar!
Op 12 februari komen wij weer bij elkaar en die morgen gaat Jacob Bijlsma ons iets vertellen over de natuur. Als Jacob aan het woord komt is het altijd bijzonder. Tussendoor worden we weer voorzien van koffie ed. Wij zijn benieuwd. We beginnen om 10 uur en sluiten weer af om plm 11.30. Iedereen is weer van harte welkom, neem gerust weer iemand mee.
Voor vervoer kunt u bellen met: Ankje Fokkens telf: 0511 422869 en Rie Jansen telf: 0511 424656,
U kunt deze dames ook vragen om inlichtingen.
Volgende bijeenkomsten zijn op woensdag 25 maart / 22 april / 30 september
Namens de dames van de koffiegroep : Rie Jansen

● Regelen Preekbeurten.
In nije opset foar it ynfoljen fan de preekbeurten en it opfreegjen fan de liturgiën by de foargongers fan bûten ús gemeente.
Us preekfoarsjenner Joal de Jong hat om persoanlike redenen it beslút naam om op te hâlden as preekfoarsjenner en as opfreger fan de liturgiën by de foargongers fan bûten. Joal hat dit wurk al wer jierren dien mei in protte ynset en mei goede kontakten nei de foargongers ta. De kosters, it beamtiim en de oargelisten krigen de liturgy altyd kreas op ‘e tiid en nea gie der sa te witten wat mis. In bûtensteander hat der gjin aan fan hoefolle wurk as hjir mei gearhinget en hoe krekt as jo wêze moatte om alles goed te regeljen. Ek de kranten moatte op ‘e hichte brocht wurde fan wa ‘t by ús foargiet. Wy wolle as gemeente Joal dan ek tige tank sizze foar alle wurk en ek syn frou Doety dêr by belûke.
De tsjerkeried hat no besletten it wurk fan it soargjen foar goede foargongers op de preekstoel en it wurk fan alle wiken opfreegjen fan de liturgiën op te splitsen. De skriba kriget no de taak om foargongers te freegjen foar de iepensteande preekbeurten. Joal hat it saakje foar 2020 lokkich al foarinoar makke. Trieny Jilderda hat tasein it opfreegjen fan de liturgiën foar har rekken te nimmen. Wy winskje de beide nije koördinators in protte súkses.
De oanbelangjende e-mailadressen binne: preekvoorziening@pknbroeksterwald.nl en liturgie@pknbroeksterwald.nl

● Nije kânsen foar ús gemeenteleden
Net alle jongere minsken fan ús tsjerklike gemeente binne fertroud mei de sjongbondel fan Johannes de Heer. Likegoed sjonge wy yn tsjerke noch wol lieten út dy âlde bondel, om ‘t se oernaam binne yn de Evangelische Liedbundel. In foarbyld is nûmer 396 út de ELB. Pak it boekje der mar ris by. Dat ferske giet sa:
Grijp toch de kansen, door God u gegeven. Kort is uw zijn hier, de tijd snelt daarheen.
It binne wol wat âlderwetske wurden, mar de bedoeling is dúdlik. Wy hawwe alle dagen de kâns om ús leauwen yn de praktyk te bringen. Om distiid fan it jier hinne is dat hielendal sa.
De keferten mei de briefkes foar de kerkbalans en it opjaan fan nammen foar de fakatueres yn de tsjerkeried binne wer besoarge. Dêr moatte jo sadwaande wer wat mei en dat jout nije kânsen dy ‘t jo gripe kinne. Jo kinne beslute om jo tsjerklike bydrage sa te kiezen dat it foar it gefoel in earlike bydrage is. Alles wat wy hawwe en krije komt by eintsjebeslút út Gods hân en wy meie it in jiermannich as rintmasters brûke. Ja, en dan meie jo nammen oandrage foar de tsjerkeried. Mar dêr hâldt it net mei op. It kin hiel goed wêze dat in oarenien jo namme der op set. Dan is de kâns grut dat ien by jo del komt om in berop op jo te dwaan. Soks is dochs geweldich: dan kinne jo jo kâns gripe om wat bysûnders te dwaan foar de gemeente fan de Heare Jezus Kristus. As jo roppen wurde krije jo fêst ek de krêft om it te dwaan.

Dit vind je misschien ook leuk...