Weekbulletin 23 juni 2019

● Dienst op zondag 23 juni a.s.
In de morgendienst: ds. Alfons van Vliet, viering Heilig Avondmaal , organist v.d. Weide
In de middagdienst: S. de Boer, Buitenpost dankzegging H.A. , organist B. Bosch
Collectes: KIA werelddiaconaat , 2e kerk
Koster: Gepke
Kindernevendienst: jongste groep
Onderwerp: Het geloof van een Romeinse officier (Lucas 7: 1-10)
Kinderlied: Kinderlied: Wiebel, wankel, waggel

Liederen voor de dienst: Gez. 225 : 1.2.3.4 ’s middags: Gez. 231: 1.3

Kerkboeket:
Het kerkboeket gaat, met een groet van ons allen, naar dhr. Marten Jagersma, Sj. Baukesstrjitte 1.

● Berichten weekbulletin 30 juni inleveren voor vrijdagmorgen 28 juni 10 uur op Haaijehoeke 8, tel. 421063 of via de mail: weekbulletin@pknbroeksterwald.nl

● Dienst op zondag 30 juni a.s.
In de morgendienst: dhr. J. Y. v.d. Wal, Morra, organist J. Klimstra
In de middagdienst: mevr. J. Bloem, organist v.d. Weide
Koster: Henk
Collectes kerk en 2e onderhoud gebouwen
Kindernevendienst: jongste groep
Onderwerp: Jezus is bij Marta en Maria (Lucas 10:38-42)
Kinderlied: Martha en Maria (luisteren, zonder tekst)

Liederen voor de dienst: gez. 249 : 1.2.3 ’s middags: gez.250 : 1.2.3.4.5

● Bêste leden fan ús tsjerklike gemeente,
Wy moatte hiel bliid en tankber wêze dat bûten de predikant om noch 17 minsken sit hawwe yn ús tsjerkeried. Yn in protte gemeenten soenen se hiel bliid wêze as it der sa foar lei. Likegoed hawwe fjouwer leden harren sit ferlinge moatten om de saak safolle mooglik rûn te krijen en wy hawwe noch in plakje iepen foar in diaken en in jeugdâlderling. Yn it ferline siet de hiele tsjerkeried alle tsjinsten yn it saneamde fjouwerkant, mar dat is al jierren net mear sa. Minsken wolle ek wol ris by har eigen húshâlding sitte en yn dizze tiid is der ek wol ris wat oars. Oan no ta sieten moarns altyd twa âlderlingen en twa diakenen, wylst middeis in diaken minder siet. Om ‘t wy no noch in diaken te min hawwe, hat de tsjerkeried it beslút naam dat tenei ek moarns mar ien diaken tsjinst hat. Omdat wy ek in jeugdâlderling te min hawwe, hat middeis ek mar ien âlderling tsjinst. Sadwaande  sitte middeis ien diaken en ien âlderling. Sa giet it ek yn in hiel protte oare tsjerken. As yn de takomst bliken docht dat alle fakatueres maklik op te foljen binne kin de saak op ‘e nij besjoen wurde.
De tsjerkeried.

● In advertinsje dy ‘t neat kostet
As leden fan ús gemeente in jubileum fiere meie, dan soe it wol moai wêze as dat eardernôch trochjûn wurd oan de wykâlderling. Dan kinne wy dat op it wykbulletin sette en yn Geandewei. It kostet neat en jo krije der in protte lokwinsken en kaarten foar werom.

● It spesjale ferske fan sneintemoarn 16 juny:

God seit: Ik bin de Heare
En Ik ferloste dy
Út slavehûs Egypte
Dus tsjinje inkeld My

En bûch dy net foar bylden,
Ik bin de ien’ge God.
Haw earbied foar myn Namme
En hâld fan myn gebod.

Op sabbat meisto rêste,
My loovje mei dyn sang.
Dyn heit en mem moast earje,
Dan libbest sûn en lang.

Do meist in oar net dea dwaan.
Brek noait in trouferbûn.
Do meist net roovj’ en stelle,
Genôch haw ik dy jûn.

Sis gjin ûnwiere wurden,
Gjin falsk getugenis.
Do meist gjin ding begeare
Dat fan dyn neiste is.

Dit vind je misschien ook leuk...