Weekbulletin 7 juni 2020

*Website
Houdt u zo goed mogelijk de website van onze gemeente in de gaten voor belangrijke mededelingen, update’s, bemoedigingen etc. https://www.pknbroeksterwald.nl

*Kerkdiensten
We proberen deze weken elke zondag een onlinedienst te organiseren, die kunt u dan vinden op, en ook volgen via, deze pagina. Ze worden ook via www.kerkomroep.nl en de kerktelefoon uitgezonden. Als speciale gast hebben we deze zondag de heren van ‘Sjonggroep Gryn‘ op bezoek tijdens de dienst. Wij willen hen heel hartelijk danken dat zij belangeloos de muzikale invulling voor ons wilden verzorgen! In de komende weken komen er tijdens de onlinediensten weer enkele nummers van Gryn voorbij. In onderstaand filmpje een korte introductie van hun muziek.

 

 

● Berichten weekbulletin 14 juni inleveren voor vrijdagmorgen 12 juni voor 10.00 uur op Haaijehoeke 8, tel. 421063 of via de mail: weekbulletin@pknbroeksterwald.nl

● De kerkenraad vergadert maandagavond 8 juni om 19.45 uur.

● Vanaf juni gaan wij van het verjaardagsfonds weer bloemen bezorgen bij de gemeenteleden thuis, tot aan de voordeur.

● Jaarrekening kerk 2019:
De jaarcijfers van de kerk liggen van 8 juni tot en met 15 juni ter inzage bij onze penningmeester. Belt u van tevoren even met Christine Deinum (tel 476871) als u de cijfers in wilt zien?

● Het College van Kerkrentmeesters vergadert dinsdagavond 9 juni a.s om 19.45 uur.

*Onlinetsjinsten
Zoals het er nu naar uit ziet, zou het zo maar kunnen dat we in de maand juni misschien ook nog online-tsjinsten hebben zondags. Als dat anders wordt, hoort u dat natuurlijk van de kerkenraad. Deze diensten zijn er voor u als gemeente. En daarom zou het heel fijn én welkom zijn als u zou willen aangeven of u wellicht dingen ánders zou willen zien in deze diensten. Alle tips, opmerkingen, kritiekpunten etc. zijn uiteraard altijd van harte welkom! Want vanzelfsprekend is iedereen die aan deze diensten meewerkt steeds van harte bereid om ze zo goed mogelijk in te vullen en te maken, zodat ze optimaal tot zegen kunnen zijn van iedereen van onze gemeente, jong en oud en iedereen daartussenin!
Ds Alfons van Vliet.

*Jubilea
Op woansdei 10 juny binne Marten en Klaske Koonstra fan de Master Hamstrjitte 18, 9108 MH, Broeksterwald, 55 jier troud. It is dan ek de jierdei fan Marten.
Op tongersdei 11 juny binne Jacob en Anneke Bijlsma fan de Schwartzenbergloane 7, 9108 AL, Broeksterwâld, 50 jier troud.
Wy lokwinskje dizze gemeenteleden fan herten mei harren jubileum en bidde om Gods seine foar harren fierdere libbenspaad. Fansels krije beide pearen ek noch blommen mei de felisitaasjes besoarge fan ús tsjerklike gemeente.

● Pastoraal nieuws:
Pastoaralia
It wol noch net echt flotsje mei it ferhelpen fan de kwaal fan Siede Postuma. De chemokueren liken earst wol goed oan te slaan. No docht lykwols bliken dat in swierdere behanneling nedich is foardat er stamseltérapy krije kin. Op freed 5 juny hawwe de dokters fan it UMCG in pet scan by Siede útfierd en no is it ôfwachtsjen wat dat foar risseltaat opsmyt. Siede hat oan Klaas en Trieny Jilderda oanjûn dat er mooglik wol in pear wike yn it sikehûs bliuwe moat. Wy bidde om sterkte foar Siede en syn famylje en hoopje dat de behanneling goed slagje mei. In kaartsje is altyd wolkom.
Siede syn adres:
UMCG
t.a.v. Siede Postuma
Afdeling E2, kamer 92
Hanzeplein 1
9713 GZ Groningen.

Ynternet-ferbûne tsjinst 7 juni 2020 Broeksterwâld

vóór de dienst zingt Gryn: “Yn ‘e stilte”
en zingen we samen: Lied 299 Evang. Liedb.

welkom en mededelingen Na de zegen Liet 416 (Nije Lieteboek):
gebed
Aanvangslied: Ps. 99: 1 en 2 (frysk)
Bemoediging en groet
Ps. 99: 4 en 8 (frysk)
Gryn sjongt:”Heit, ik fraagje my faak ôf ”
Schriftlezing: 1 Petrus 2: 19-23
en 1 Petrus 3: 13-17 en 4: 12-19
Verkondiging
We zingen: Gez 314
Gryn sjongt: “Lykas Petrus”
dankgebed en voorbeden
Gryn sjongt: “Riis oerein”
Slotlied: Gez. 299 : 1,3,5,7,8 en 10
Zegen
Na de zegen Liet 416 (Nije Lieteboek):
Hear, wes mei us oant’t in oare kear.
Wol oant wersjen oer ús weitsje;
lit gjin kwea ús rigen reitsje.
Hear wês mei ús oan’t in oare keer.

Hear, wês mei ús oant in oare kear,
wol ús mei jo wjukken hoedzje,
stypje as de stoarmen woedzje.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

Hear, wês mei ús oant in oare kear.
Wol de wegen foar ús sljochtsje,
ús net nei ús sunden rjochtjse.
Hear wês mei ús oant in oare kear.

Hear, wês mei ús oant in oare kear,
as wy wurch en warleas binne,
lit ús dan troch Jo oerwinne.
Hear, wês mei ús oant in oare kear.

● Oeren en tiden
Hawwe jo ek it gefoel dat de dagen folle hurder omfleane yn dizze tiid fan net yn tsjerke gearkommen as gemeente? Hoe soe soks komme? Aldere minsken sizze faak dat de wiken en sels de jierren foarbyfljogge: “Wêr bliuwt de tiid!” Wittenskippers hawwe hjir in ferklearring foar. It foar it gefoel omfleanen fan de tiid soe komme as der minder ferdivedaasje is mei minder hichtepunten. As jo earne foar de earste kear hinnereizgje, dan sjogge jo allegearre nije dingen dy ‘t yn it ûnthâld opslein wurde. Op ‘e weromreis hawwe jo dat minder en dêrom fielt de weromreis oan as koarter as de hinnereis. As de snein net mear in hichtepunt is mei it sjongen fan loflieten ta eare fan God yn tsjerke en it moetsjen fan inoar, dan lykje de dagen fan ‘e wike folle mear op inoar. Guon leden fan ús gemeente folgje sneins no wol fjouwer tsjerketsjinsten oer de tillevyzje en oer ynternet en se harkje nei Nederland zingt en Songs of Praise. Dochs is dat net itselde as byinoar komme as gemeente fan de Heare Jezus Kristus. Hoe kinne wy besykje om dochs wat mear fariaasje yn de dagen oan te bringen? Soms hawwe jo in wike lang itselde psalmferske of gesang yn ‘e holle. Dat is op himsels net ferkeard, mar as jo no alle dagen by it moarnsbrochje in nij ferske lêze of sjonge en dat in hiele dei fêsthâlde, dan binne de dagen net mear itselde. Us tsjerklik lieteboek stiet fol mei moaie ferskes. Begjin mar mei psalm 8 of psalm 150, want dy steane foar snein 7 juny op it PKN-lêsroaster.

Dit vind je misschien ook leuk...